Zum Inhalt springen
Global sound
Oars buorkje is de takomst

Oars buorkje is de takomst

von Omrop Fryslân

Neueste Folge
#4: Boeren en natuer

Über diesen Podcast

De lânbousektor leit al jierren ûnder in fergrutglês. Te hege CO2, metaan en stikstofútstjit, te folle dong, zoönose, soargen oer bistewolwêzen, boaiemoantaasting, fersmoarge grûnwetter en noch folle mear. De boer hat it der mar drok mei.
Dyselde boer soarget ek foar ús iten, ús sûnens, de grûn, it lânskip en de greidefûgels dêr't we sa wiis mei binne . De polityk slagget der al desennia lang net yn om mei helder belied in goede balâns te finen tusken in sûne wrâld en in goed stik brea foar de boeren.
Hat regenerative lânbou de takomst? Dizze wize fan buorkjen kombinearret de produksje fan iten mei natoerwerstel en wol it útputten fan de boaiem tsjingean. It draacht by oan in better miljeu en in duorsum takomstperspektyf foar Nederlânske boerebedriuwen.
Yn in fjouwerdielige podcastrige besiket Gerrit de Boer mear dúdlikheid te krijen oer de takomst fan de lânbou yn Nederlân. Is de oplossing regenerative lânbou?

Folgen

  • #4: Boeren en natuer · 1 Std. 7 Min.Nico Minnema advisearret boeren oer hoe om te skeakeljen nei in foarm fan regenerative lânbou. Meinte Engelmoer wie ekolooch by de provinsje. Hy hat in hiel soad ferstân fan it…
  • #3: Biologysk of net · 1 Std. 5 Min.Wêrom kiest in boer foar biologysk buorkjen en wêrom net? Jan Woudstra hat in biologysk melkfeebedriuw by Menaam en siket altyd nei in goede balâns tusken ekology en ekonomy. Hy…
  • #2: Wêr is it mis gongen · 1 Std. 0 Min.Yn ôflevering twa komt emearitus professor Jan Douwe van der Ploeg oan it wurd, earder fan de lânbou-universiteit fan Wageningen. Hy docht al tsientallen jierren ûndersyk nei…
  • #1: In sûne boaiem · 1 Std. 5 Min.Johannes Bakker en Theo Mulder binne de oprjochters van CO2L Farming, in stichting dy't besiket boeren op paad te helpen nei in duorsume wize fan buorkjen. It werstel fan de…

Live, letzte Stunde: 6.110 Songs auf 2.141 Sendern in 106 Ländern

Entdecke die Welt über das Radio

Mehr zum Entdecken (7)

Etwas Schönes gehört? Speicher es oder öffne es direkt in Spotify.

★ Künstler der Woche Der schnellste Aufsteiger im Radio diese Woche
Dein Song hier? Ab € 9 pro Woche →
Radio 538 luisteren - Live!Gerade beliebt