Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard
by Terpstra & Hut
Fryske Boekewike
About this podcast
Gabrielle en Arjan begunen harren podcast yn it neijier fan 2021 by Omrop Fryslan. Beiden hawwe in leafde foar de Fryske muzykkultuer, poëzij en films en fertelle hjir graach alles oer.
Njonken dat se sljocht binne op dizze ûnderwerpen meitsje se sels ek gedichten, sa wie Arjan stedsdichter fan Ljouwert en is hy no Walddichter fan de gemeente Achtkarspelen en wie Gabrielle festivaldichter op it zingevingsfestival en is se oprjochter en dichter by Pauper Poezie.
Om 't Gabrielle en Arjan wurkje fanut harsels fine se it ek nijsgjirrich om sa de podcast te foljen, fanut eigen underfining prate se oer de kultuer dy 't se dy wike meikrigen hawwe en om de belibbing te fersterkjen komt der in gast koart fertellen oer syn optreden / boek / gedicht of film. Sa meitsje se de ranekultuer, lykas de metalscene, yn Fryslan mear sichtber en tagonkliker.
De podcast is easy-listening, as sitst mei dyn kulturele freonen yn de kroech en falt der in soad te laitsjen, omdat Gabrielle en Arjan ek fertelle oer har eigen libben, har swierrichheden en harren flaters. De podcast hat in skoft op skoft stien mar is fan no of wer om de wike te beharkjen fia Spotify en Apple podcasts
Episodes
The newest 20 of 58 episodes
- Fryske Boekewike · 57 min · Season 5 Episode 2Wat bart der allegearre yn de Fryske boekewike? Hoe wie it boekefeest, wa wûn de Gielegau, watfoar ferhaal skreau Gabrielle, wat die Arjan yn HongKong? Mear fragen en antwurden…
- Rûzich · 58 min · Season 5 Episode 1Yn dizze ôflevering; hjerstige poëzy. Gabrielle is werom nei in blessuere en Arjan is noch hieltyd oan it draven. De boeken fan Ninah Tiemersma en Marrit Jellema lizze op tafel…
- De grutte shift · 59 min · Season 4 Episode 26Driuwt ús podcast hielendal rjochting sport en polityk of kinne we der noch wat kultureels fan meitsje? Arjan trof Gabrielle mei in aaiwytshake by de podcast wylst er sels ek…
- Metallica en Mata Hari · 56 min · Season 4 Episode 25Arjan hier hast in tattoo! en Gabrielle gie nei Pitfest, dêr't it der wyld oan ta gie, hast as by de burenruzie yn Burgum. Wy steane stil by it ferstjerren fan Lieke Marsman, en…
- Romantysk-Apokalyptyske Sportcast · 60 min · Season 4 Episode 24In soad sport en muzyk dizze ôflevering, al begûn it goed mei in gedicht fan Pieter Zijlstra út de nijste Ensafh. Dêrnei gong it rap oer ús sportprestaasjes, sa fytste Gabrielle…
- neaken · 54 min · Season 4 Episode 23Gabrielle fytste in fytstocht mei museum martena, it wie recorstoreday, wat foar platen kochten wy? Arjan gong nei de earste Dada optocht. Project Hail Mary, Obe Postma en…
- Foarjier · 60 min · Season 4 Episode 22Peaske is foarby, tiid om noch efkes nei te genietsjen mei dizze podcast fol foarjierspoëzij fan ûnder oaren Tryntsje van der Steege en it boek In hazze yn ’e hûs. Arjan gie…
- Hege Piken, Djippe Dalen · 57 min · Season 4 Episode 21Gabrielle wurket aanst net mear by Van der Velde, mar giet wol nei de ynternasjonale boekebeurs. Arjan betocht hiele goeie ideeën ûnder de dûs en draacht in gedicht foar dêr’t…
- Fryske Nepo-Babys & Mear Mayhem · 60 min · Season 4 Episode 20De Poëzieweek is foarby, mar Gabrielle en Arjan sjogge noch efkes werom. Sa droegen se foar yn in snie-eftich, pitoresk Harns, hie Gabrielle in literêr etentsje en gie Arjan nei…
- paranormale saken · 57 min · Season 4 Episode 19Wy hearre bernestimmen troch de podcastmikrofoan, mar der is gjin bern te sjen. Arjan hat wolris in geast sjoen, yn Gordyk wurde UFO’s spot en Gabrielle hat in ferflokt boek by…
- jieroersjoch · 1 h 0 min · Season 4 Episode 18Wy binne werom mei in jieroersjoch oan'e hân fan jierlistjes. Wat binne ús favorite films, muzyk, boeken en live-optredens fan it jier?
- Dêr binne wy wer · 57 min · Season 4 Episode 16It is in hiel skoft lyn dat de podcast der wie. Mayte wûn Liet, Elmar de Gysbert en Gabrielle en Arjan wiene yn Snits.
- Witst noch · 1 h 0 min · Season 4 Episode 15Gabrielle en Arjan hawwe de ôfrûne tiid in soad optreden en presintearre. Se stean stil by de Fryske Slam, Diele fan it Waad en PlayGround yn Harns. Se diene ek aardige dingen…
- Fan Lyts Gelok nei Grut Geweld · 59 min · Season 4 Episode 14Gabrielle lêst in ferhaal fan Tsead Bruinja foar oer sterilisaasje, dat se hearde by Dichter op de Deel as ûnderdiel fan Lyts Gelok. Arjan fertelt oer syn eigen ûnderfiningen mei…
- Wittenskippers binne skokt troch dit feit · 57 min · Season 4 Episode 13🎙️ Wittenskippers binne skokt: Gabrielle en Arjan meitsje wer in podcast! Gabrielle is klear mei har manuskript en giet nei de skriuwersarke, wylst Arjan bliid is dat hy der net…
- Taal en missende wurden · 27 min · Season 4 Episode 12Krekt doe't Ilse Vos te gast wie, dy't sels it podcasten leare woe, is ús opname skansearre rekke! Wy hawwe de helte rêde kinnen, sa hearst in fragmint fan Ilse har gedicht oer…
- Rispjen fan 'e Twirre · 1 h 0 min · Season 4 Episode 11Marian Hulshof skreau de biografy oer Jacobus Q Smink Poëzij fan: Janneke Spoelstra, Gabrielle Terpstra, Geart Tichgelaar, Jacobus Q Smink Black Metal: Helleruin De Grutte…
- Dada & Drachten · 1 h 0 min · Season 4 Episode 10Erik de Boer is te gast om te praten oer syn gemeentedichterskip. Hy draacht ek it gedicht foar wêrmei't er it wurden is. Arjan wie jierdei, mar hie problemen mei Facebook en syn…
- 20 jier nei 2005 · 59 min · Season 4 Episode 9It is 2025, 20 jier nei 2005. De tiid dat minsken noch gjin telefoan yn 'e bûse hiene – útsein Gabrielle, dy't der al ien hie. Arjan net, en hy hat der no noch gjinien. Wy lêze…








